Kwartierstaat van Rink van der Velde

Laatst bijgewerkt: maandag 06 januari 2014

Generatie I

1 Rink van der Velde, monsternemer, journalist, auteur, geboren op 18-06-1932 te Aalzum, overleden op 17-02-2001 te Drachten op 68-jarige leeftijd. Begraven te Wetzens.
Libben.
Rink van der Velde is op 18 juny 1932 berne yn Ealsum en kaam ynearsten yn Dokkum op skoalle. Hoewol't er dus fan berte in Dongeradielster is, fielde er him mear ferbûn mei de Wâldsjers. Dat sil wol dêrfan komme, dat er syn jongesjierren foar it grutste part op De Sweach belibbe hat, dêr't syn heit by de plysje wie. De lettere skriuwer wie de jongste yn de húshâlding fan Hindrik van der Velde en Hindrikje Pilat, dêr't foar him al fjouwer famkes yn berne wiene. Neidat Rink van der Velde de kristlike ulo-skoalle yn Drachten ôfrûn hie, wie er û.o. warber as monsternimmer foar it suvelfabryk yn Olterterp, mar as jonge fan in jier as achttsjin rekke er nei Frankryk ta, dêr't er by in boer fan Flaamsk komôf yn 'e omkriten fan Parys oan it wurk slagge. Fanwege de tsjinstplicht waard er yn 1953 nei Nederlân werom roppen en moast er opkomme by de Marine. Nei syn tsjinsttiid waard Van der Velde, dy't altyd al graach opstellen makke en as skoaljonge ek alris in Hollânsktalich yndianeboek opset hie, ferslachjouwer by de Nieuwe Dockumer Courant. Syn sjoernalistike karrière hat er fuortset by de Drachtster Courant, de Fryske edysje fan Het Vrije Volk en de Friese Koerier om nei de fúzje fan dy krante mei it `Hoofdblad van Friesland' yn 1992 syn pinsjoen te heljen by de Leeuwarder Courant. Rink van der Velde hat yn Ljouwert, op 'e Gordyk, yn Drachten en De Wylgen wenne, mar ferkearde ek gauris op De Feanhoop yn syn arkje yn ien fan de petgatten dêr. Op 17 febrewaris 2001 is er yn Drachten ferstoarn.
Wurk.

Neidat er him in skoft mei de algemiene ferslachjouwerij dwaande hâlden hie, begûn Van der Velde wurk te meitsjen fan it beskriuwen fan tastannen en foarfallen út it ferline en fan it portrettearjen fan aparte minsken. De ferhalen fan âlde anargisten, turfgravers, fjildminsken, fiskers, jagers, wylsterflappers en lju mei in wyld hier yn 'e nekke hie er niget oan en yn it werjaan fan dy harren libbensaventoeren ûntwikkele er in eigen styl. Neffens syn sizzen hat er troch it wurk as sjoernalist it skriuwen - en dan benammen it skriuwen yn it Frysk - leard. Syn idioom hat gâns oan rykdom wûn, omdat er in goed ear hie foar it faak noch moai geve, folksaardige Frysk fan de minsken dêr't er as kranteman mei yn petear rekke.
Rink van der Velde debutearre as Frysk skriuwer yn 1959 mei in feuilleton yn Frysk en Frij. In jier letter kaam syn earste en iennige Hollânske roman út (De kleine kolonie), yn 1962 de earste Fryske, Joun healwei tolven. Mei't er dy `skriller' yn Frankryk spylje liet, wie it fuort in opfallend ferskynsel yn de Fryske lettertún. Yn syn earste romans brûkte Van der Velde, dy't ta de `fertellers' ûnder de proazaskriuwers rekkene wurdt, hyltyd eigen wjerfarren. Sa skreau er oer syn ûnderfiningen op it Frânske plattelân en ek oer syn tiid by de Marine.
Letter hat er gauris stoffe keazen dy't er op reis yn it bûtenlân (Israël, Tsjecho-Slowakije, Grikelân) opdien hie. Syn troch de literêre kritisi meast wurdearre boek, de koarteoarlochsroman De Fûke út 1966, is fuortkommen út fraachpetearen dy't er as sjoernalist mei âldere minsken út de feanterijen hân hie yn kombinasje mei werklik barde foarfallen út de oarloch en in lokaasje oan 'e Tsjûkemar dy't him ynspirearre. De Fûke wie it earste boek fan Van der Velde, dat him yn Fryslân ôfspilet. Foar Feroaring fan lucht út 1971 oer it singeliere libben fan Durk Snoad krige de auteur yn 1975 de Gysbert Japicx-priis. It boek waard sa populêr, dat der by de 12e printinge al mear as 25.000 eksimplaren fan ûnder de minsken wiene en de skriuwer yn 1990 in 13e, bewurke edysje útbrocht hat om Durk Snoad by in nije lêzersgeneraasje te yntrodusearjen. De twadde wrâldoarloch is in wichtich tema yn it wurk fan dizze skriuwer, wylst syn haadfigueren gauris de skaaimerken fan `ferliezers' hawwe. Faak binne it ienlingen dy't de frijheid leaf hawwe en dy't har net sa bot bekroadzje om de regels dy't yn de boargermaatskippij yn acht nommen wurde. Van der Velde beskriuwt sokke manlju - froulju spylje gjin wichtige rol yn syn boeken - lykwols sa, dat de sympaty fan de lêzers nei har útgiet. Yn lettere romans hat er geregeld histoarysk materiaal as tgongspunt nommen. Yn syn libbensbeskriuwingen fan bygelyks IJje Wijkstra en Salomon Levy is er tige frij mei de skiednis omgien. It giet him mear om de ynterpretaasje as om de feiten op harsels, wylst er der ek wurk fan makket de sfear fan tiid, plak en omstannichheden wer te jaan.
Behalve as romansier is Van der Velde ek bekend wurden as skriuwer fan `stikjes', almeast kroechferhalen, dêr't syn sterke kanten, ryk idioom en in flotte ferteltrant, goed yn útkomme. Foar de Leeuwarder Courant betocht er in rubryk mei lyts nijs út it sabeare doarp Bokwert. Hy skreau dêryn in grienmank fan Frysk en Hollânsk, dat bekend wurden is as it Bokwerters. Dy stikjes binne gearbrocht yn in fjouwertal bondels, wylst der ek twa stripferhalen oer Bokwert ferskynd binne mei tekeningen fan Ies Spreekmeester. De oare koarte ferhalen binne yn seis boeken bondele.
Underskate romans fan Rink van der Velde binne oerset yn it Nederlânsk, wylst boppedat fan De Fûke sawol in Oekraynske as in Amearikaanske fertaling bestiet. Guon binne bewurke foar toaniel of ferfilme.
(Bron: www.tresoar.nl).

Werk van Rink van der Velde:
Proza: De kleine kolonie (1960); Joun healwei tolven (1962); Forliezers (1963); Beafeart nei Saint-Martin (1964); De fûke (1966); Geiten, Griken en gekken (1967); Rjochtdei (1968); Chamsyn (1969); Foroaring fan lucht (1971); Ien foar 't ôfwennen (verhalen) (1971); Bokwerd Vooruit (verhalen) (1973); Stjerrende wier, heite (verhalen) (1974); Pake Sytse (1975); Kruidenbitter. Kroegverhalen uit Friesland (1975); De houn sil om jim bylje (1978); Bokwerd For Ever (1979); It is myn sizzen net (verhalen) (1980); Om utens-omnibus (Joun healwei tolven/Geiten, Griken en gekken/Chamsyn) (1981); De heidenen (1981); De ôfrekken (1982); Foekje (strip) (1982); Bokwert 1 (Bokwert en it Oanbegjin/Bokwert en it Swarte Jild) (1983); Bearenburger ferhalen (1985); De lange jacht (1985); De bêste fryske ferhalen (1987); De histoarje fan kammeraet Hollanski (1987); Bloemlezen in Bokwerd (1988); Jan Hut (1989); De nacht fan Belse Madam (1991); Minsken is raar guod (1992); Gjin lintsje foar Homme Veldstra (1993); Rjochtdei op 'e skieding (1993); No sà. Stikjes en ferhalen (1994); In fin mear as in bears (1995); Sa wie 't sawat (1997); Smoarge grûn (1998); Hepke (1999); Alde Maaie (2000); It guozzeroer (2001); Vertaald in het Nederlands: Vanavond halftwaalf (= Joun healwei tolven) (1965); Pelgrimage naar Saint-Martin (1968); De fuik (vert. Jan J. Bijlsma) (1970); Chamsien (1971); Verandering van lucht (1973); Kruidenbitter: Kroegverhalen uit Friesland (1975); Bokwerd omhoog! (1977); Het teken van het beest (= De houn sil om jim bylje) (1980); Berenburgse vertellingen (1985); De terugkeer van Sytze Cavalier (1986); Toneel: De wide broek B.V. Durk Snoad (1975); De Fûke (1977); B.V. De Ruskepôlle (1982); Ut it singeliere libben fan Durk Snoad (1983).

Gehuwd op 23-jarige leeftijd op 23-12-1955 te Opsterland met Wilhelmina (Mineke) Bekkema, 21 jaar oud, geboren op 17-08-1934 te Drachten.

Generatie II

2 Hendrik Rinks van der Velde, veldwachter, geboren op 02-01-1897 te Westergeest.
Gehuwd met
3 Hendrikje Dirks Pilat, geboren op 28-11-1898 te Kollumerland c.a.

Generatie III

4 Rink Wiegers van der Velde, arbeider, geboren op 20-04-1859 te Haulerwijk onder Haule, overleden op 10-05-1938 te Veenklooster op 79-jarige leeftijd.
Gehuwd op 23-jarige leeftijd op 26-05-1882 te Ooststellingwerf met de 20-jarige
5 Wietske Jans Blom, geboren op 23-11-1861 te Haulerwijk onder Haule, overleden op 29-06-1925 te Kollumerland c.a. op 63-jarige leeftijd.

6 Dirk Sytzes Pilat, geboren op 24-07-1871 te Westergeest, overleden op 18-12-1940 te Zuidlaren op 69-jarige leeftijd.
Gehuwd op 21-jarige leeftijd op 19-11-1892 te Kollumerland c.a. Echtgenote is de 21-jarige
7 Hebeltje Dorus Postma, dienstmeid, geboren op 23-04-1871 te Zwaagwesteinde, overleden na 1940.

Generatie IV

8 Wieger Johannes van der Velde, arbeider, geboren op 20-05-1829 te Haulerwijk onder Haule, overleden op 01-08-1880 te Haule op 51-jarige leeftijd.
Gehuwd op 23-jarige leeftijd op 30-03-1853 te Ooststellingwerf met de 27-jarige
9 Geeske Rinks Hof, arbeidster, geboren op 11-01-1826 te Haulerwijk onder Haule, overleden op 19-04-1882 te Ooststellingwerf op 56-jarige leeftijd.

10 Jan Hendriks Blom, arbeider, geboren op 25-06-1831 te Haulerwijk onder Haule, overleden op 12-11-1913 te Kollumerland c.a. op 82-jarige leeftijd.
Gehuwd op 23-jarige leeftijd op 06-05-1855 te Ooststellingwerf met de 20-jarige
11 Aafke Harms Aldershof, arbeidster, geboren op 16-10-1834 te Duurswoude, overleden op 10-02-1888 te Haulerwijk op 53-jarige leeftijd.

12 Sytze Jans Pilat, dagloner, arbeider, geboren op 15-02-1846 te Westergeest, overleden op 13-08-1928 te Groningen op 82-jarige leeftijd.
Gehuwd op 24-jarige leeftijd op 05-03-1870 te Middelstum met de 25-jarige
13 Hendrikje Dirks Rozendal, geboren op 28-12-1844 te Lioessens, overleden op 20-03-1923 te Westergeest op 78-jarige leeftijd.

14 Dorus Jacobs Postma, dagloner, geboren op 31-12-1847 te Zwaagwesteinde, overleden op 17-09-1884 te Westergeest op 36-jarige leeftijd.
Gehuwd op 22-jarige leeftijd op 15-09-1870 te Dantumadeel met de 21-jarige
15 Lutske Pieters Dalman, geboren op 12-10-1848 te Westergeest, overleden op 17-09-1934 te Kollumerland c.a. op 85-jarige leeftijd.

Generatie V

16 Johannes Wiegers van der Velde, arbeider, geboren op 27-06-1794 te Compagnie onder Jubbega, gedoopt op 27-07-1794 te Hoornsterzwaag c.a. Overleden op 08-08-1872 te Haulerwijk op 78-jarige leeftijd.
Gehuwd (1) op 30-jarige leeftijd op 28-11-1824 te Schoterland met Wytske Jans Hartstra, 25 jaar oud (zie 17).
Gehuwd (2) op 55-jarige leeftijd op 28-04-1850 met Bontje Jacobs Bakker, geboren ca. 1814 te Haule.
17 Wytske Jans Hartstra, geboren op 25-08-1799 te Compagnie onder Jubbega, gedoopt op 06-04-1800 te Hoornsterzwaag c.a. Overleden op 14-12-1833 te Haulerwijk op 34-jarige leeftijd.

18 Rienk Teekes Hof, arbeider, geboren op 28-02-1796 te Haulerwijk, gedoopt op 13-03-1796 te Haulerwijk, overleden op 07-01-1875 te Haulerwijk op 78-jarige leeftijd.
Gehuwd op 22-jarige leeftijd op 05-07-1818 te Ooststellingwerf met
19 Johantje Aitzes Halbersma, geboren rond 1796 te Haulerwijk, overleden op 14-08-1842 te Haulerwijk.

20 Hendrik Jans Blom, veenbaas, geboren rond 1796 te Haulerwijk onder Haule, overleden op 09-07-1872 te Ooststellingwerf.
Gehuwd op 25-04-1821 te Ooststellingwerf met de 23-jarige
21 Wytske Rinks Hof, geboren op 13-03-1798 te Haulerwijk, gedoopt op 01-04-1798 te Haulerwijk, overleden op 06-09-1871 te Ooststellingwerf op 73-jarige leeftijd.

22 Harm Eelkes Aldershof, logementhouder, kastelein, veehouder, grutter, geboren op 01-05-1806 te Leek, gedoopt op 18-05-1806 te Leek, overleden op 28-04-1872 te Haulerwijk op 65-jarige leeftijd. Begraven te Makkinga.
Gehuwd op 21-jarige leeftijd op 18-11-1827 te Marum met de 20-jarige
23 Jantje Piers Berghuis, geboren op 17-03-1807 te Niebert, gedoopt op 29-03-1807 te Niebert, overleden op 23-03-1885 te Ureterp op 78-jarige leeftijd. Begraven te Makkinga.

24 Jan Jans Pilat, dagloner, arbeider, geboren op 23-11-1817 te Metslawier, overleden op 26-02-1871 te Kollumerland c.a. op 53-jarige leeftijd.
Gehuwd op 23-jarige leeftijd op 21-05-1841 te Oostdongeradeel met de 21-jarige
25 Jeltje Sytzes Bos, naaister, geboren op 29-03-1820 te Oudwoude, overleden op 26-05-1895 te Kollumerland c.a. op 75-jarige leeftijd.

26 Dirk Wessels Rozendal, dagloner, arbeider, geboren op 22-08-1813 te Oudwoude, overleden op 17-02-1888 te Westergeest op 74-jarige leeftijd.
Gehuwd op 21-jarige leeftijd op 02-10-1834 te Westdongeradeel met de 24-jarige
27 Doutzen Douwes Posthuma (Postma, Postema), werkvrouw, geboren op 14-02-1810 te Lioessens, overleden op 22-05-1856 te Westergeest op 46-jarige leeftijd.

28 Jacob Gaeles Postma (Posthuma), grofsmid, geboren op 08-10-1805 te Driesum, gedoopt op 20-10-1805 te Driesum, overleden op 17-12-1890 te Dantumadeel op 85-jarige leeftijd.
Gehuwd (1) op 29-jarige leeftijd op 31-05-1835 te Dokkum met Grietje Scheltes Hemminga, geboren rond 1812, overleden op 18-11-1837 te Dantumadeel.
Gehuwd (2) op 32-jarige leeftijd op 10-06-1838 te Dantumadeel met Trijntje Johannes Mulder, 22 jaar oud (zie 29).
29 Trijntje Johannes Mulder, dienstmeid, geboren op 22-03-1816 te Dokkum, overleden op 15-04-1876 te Dantumadeel op 60-jarige leeftijd.

30 Pieter Thomas Dalman, arbeider, geboren op 19-10-1818 te Zwaagwesteinde, overleden op 16-05-1883 te Kollumerland c.a. op 64-jarige leeftijd.
Gehuwd op 27-jarige leeftijd op 30-05-1846 te Kollumerland c.a. Echtgenote is de 25-jarige
31 Haebeltje Egberts de Vries (Ebeltje), geboren op 08-09-1820 te Westergeest, overleden op 07-10-1897 te Kollumerland c.a. op 77-jarige leeftijd.


Bovenstaand overzicht, 5 generaties, is het topje van de ijsberg. Wilt U een zeer uitgebreid overzicht met honderden voorouders, hun partners en kinderen, neem dan contact op met de samensteller. Op basis van onkostenvergoeding maakt hij graag een uitgebreid boekwerk.

 

 

Hits: 6456
Web Analytics